Freedsmerk oer WK fuotbal: Oranje bestiet út karakterleaze suertsjes
It WK fuotbal is los yn Ruslân. En ek al docht Oranje net mei, in soad minsken sille it toernoai dochs wol folgje. Dat it Nederlânsk alvetal der net by is, fine in soad minsken spitich: "Ik bliuw der no net om thús. Sûnder Oranje is dy échte spanning der net".
Oaren bin der eins wol bliid om: "Dy oranjefuotballers binne neat wurdich. Dat we net meidogge besparret ús in soad ergernis!" Argewaasje oer de spilers wie der wol mear: "Der binne hjir gjin goeie fuotballers mear. It binne hast allegear bûtenlanners dy't hjir spylje." In Ljouwerter fersuchtet: "Ach hou op man, it binne allemaal karakterloaze suurtsjes dy't feul te feul geld om handen hewwe. "
Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk