The Bounty Hunters coverje In part fan dy fan Marcel Smit

De band The Bounty Hunters fan Johannes Rypma coveret 'In part fan dy' fan Marcel Smit en Gerbrich van Dekken. Dit dogge se nei oanlieding fan de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed.
The Bounty Hunters sjonge in nûmer fan Marcel Smid

Billy Joel

Marcel fertelt dat it nûmer net spesifyk oer ien persoan giet. Hy hat de ynspiraasje foar it nûmer krigen neidat er in ynterview seach mei de pianist Billy Joel. "It petear gong oer wat der bart mei minsken as sy hjir net mear binne. Syn boadskip wie eins dat minsken net ferdwine, mar fuortbestean yn de oantinken dat oare minsken fan dy hawwe", seit Marcel.
The Bounty Hunters yn Fryslân Hjoed

Oan de kant fan de dyk

Nei dat ynterview is Marcel fuortendaliks oan it skriuwen gong, mar doe wie it net yn ien kear klear: "Ik hie allegear losse stikjes en hie noch gjin idee hoe't ik dêr in nûmer fan meitsje woe." Mar doe't Marcel yn 'e auto siet, hie er ynienen in ynjouwing. "Ik haw de auto oan de kant fan de dyk setten en hie in nûmer sa yninoar. Doe't ik it foar de earste kear hielendal spile, pakte it my fuortendaliks. Doe wist ik dat it in goed nûmer wie."

Muzykrubryk

Yn de muzykrubryk fan Omrop Fryslân daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreëarje en in oare blik op Fryske nûmers .
Sjoch foar alle covers fan de muzykrubryk op omropfryslan.nl/muzykrubryk.