UPDATE: Hyskraan driget op in wenning te fallen

Oan de Doctor Nassaulaan yn Assen driget in hyskraan fan in Frysk bedriuw op in wenning te fallen. De kraan is fan Vrieswijk, mei festigings yn Surhústerfean en Holwert.
De hyskraan sakke by wurksumheden troch noch ûnbekende oarsaak fuort en rekke ynstabyl. Yntusken is der in twadde hyskraan oanwêzich. Dy besiket de oare kraan oerein te hâlden. De plysje hat de omjouwing by de wenning ôfset.
UPDATE: De dyk is wer frijjûn, meldt RTV Drenthe.
© De Vries Media