Test mei 'tûke kamera's' yn it PM-kanaal tusken Grou en Terherne
Fan freed ôf stean der in moanne lang tûke kamera's by it Prinses Margrietkanaal tusken Grou en Terherne, dy't de snelheid fan de foarbyfarrende skippen registrearje. Se wurde dêr delset troch Rykswettersteat. De kamera's moatte ôfwikende situaasjes registrearje, bygelyks te hurd farrende speedboaten. De gegevens fan de kamera's wurde brûkt foar ûndersyk, sadat yn de takomst de wikselwurking tusken farferkear en it iepenjen fan brêgen better opelkoar ôfstimd wurde kin.

De kamera's wurde net brûkt as 'flitspeal yn it wetter', jout Henk Voerman fan Rykswettersteat oan. Dat kin nammentlik net. Yn tsjinstelling ta it ferkear op de dyk, kinne je op it wetter allinnich mar in boete útskriuwe as je de oertreding mei eigen eagen sjoen hawwe. In flitspeal is dus wetlik net tastien.
Henk Voerman fan Rykswettersteat
Der is keazen foar it wetter fan it Prinses Margrietkanaal, om't it hjir faak drok is mei ferskate soarten wetterferkear, sa as beropsfeart en rekreaasjefeart.
LED-buorden
Njonken de kamera's, komme der ek LED-buorden njonken it wetter, sadat je op it wetter direkt sjen kinne hoe hurd je farre. Hjirmei moat de bewustwurding by boatsjeminsken fergrutte wurde. Net allinnich foar de snelheid, mar ek foar it miljeu. Ek op it wetter is minder hurd farre better foar it miljeu. Skippen ferbrûke dan minder disel, seit Voerman.
Twadde test
It is net de earste kear dat der yn Nederlân tûke kamera's ynset wurde op it wetter. Foarich jier is it ek al ris besocht by Het Hollands Diep en de Dordtse Kil yn Súd-Hollân. Mar doe die al bliken dat de kamera's noch net presys genôch wienen foar it registrearjen fan de skippen en de types boaten. Ek de kwaliteit fan de bylden moast better. Dêr hawwe se by Rykswettersteat no oan wurke en no wurdt test oft it better giet.