Oerol moat oantrekliker wurde foar jonge minsken
Oerol moat oantrekliker wurde foar jonge minsken
Oerol moat oantrekliker wurde foar minsken tusken de 20 en de 40 jier âld. Der komme wol minsken út dy leeftiidsgroepen nei it eilân foar it festival, allinne te min, sa fynt artistyk lieder Kees Lesuis. Yn it programma op bygelyks festivalterrein de Betonning wurdt dan ek ekstra rekken hâlden mei dizze doelgroep.

Op de Betonning draait it dit jier minder om de muzyk. De lieding leit yn hannen fan produsint Farnoosh Farnia. "We gaan hier op De Betonning voor experimenteren. We gaan het programma aanpassen aan wat mensen nu leuk vinden. Dus minder muziek maar meer storytelling, het vertellen van verhalen. Dat dan weer op verschillende manieren. Door zaken te mixen. Bijvoorbeeld in een boksring, Daar mixen we performances met vechtsport."
De acts wurde koarter en moatte dêrtroch oantrekliker wurde, sa hopet Farnoosh Farnia.

Yn oanrin nei it festival wienen der problemen mei de kaartferkeap. De online-ferkeap moast inkelde dagen stillein wurde. In soad skea hat de organisaasje dêr net fan hân, seit Kees Lesuis. Fan de goed 120.000 kaarten binne der al 75.000 ferkocht yn de foarferkeap. "Dat wil niet zeggen dat je geen kaarten meer kunt krijgen. Integendeel, want iedere dag komen er kaarten vrij die je op het eiland kunt kopen."
Lân fan taal
Sintraal stean dit jier de projekten Lân fan taal en Sense of Place. Kees Lesuis: "In sommige van de voorstellingen zie je dat beide terug. Bijvoorbeeld bij de openingsvoorstelling Liquid Loft. Daar hoor je de eilander taal terug in een voorstelling in een prachtige omgeving." Foar it LF2018-projekt Lân fan taal is in soad romte ynromme. It is ien fan de reade triedden op it festival.
Griene Strân
Op it gersfjild njonken De Walvis wurdt hurd wurke oan de opbou fan in grutte festivaltinte. It is de tinte dêr't aanst Nyk de Vries mei Tongen spilet en optredens binne fan ûnder oare it NNO. Enno Feenstra is de produksjelieder fan Lân fan taal. Mei syn swarte mûtse op helpt hy de mannen dy't drok boekfoarmen oan it meitsjen binne. "Dy komme aanst foar de tinte te stean. Wy hawwe de taal út de boeken helle. Yn de tinte jouwe wy dêr dan wer ynfolling oan. Dêr komme de wurden werom."
It plak is foar him in boppeslach. "Oerol hie dit plak oer. Dit wie gewoan in bûtenkâns. Dit Griene Strân hat best in goede histoarje rjochting Oerol en dat wy hjir stean meie is foar my in hele grutte plus." Yn it ferline wie dit ien fan de festivalterreinen. It is goed sichtber en der is in soad oanrin. "Dan wolle je ek wol in goed produkt delsette", sa seit Feenstra.

It Oerolfestival begjint freed en duorret oant en mei snein 24 juni. Omrop Fryslân-ferslachjouwers Hayo Bootsma en Auke Zeldenrust dogge alle dagen ferslach fan it festival ôf.