Rjochtbank beslút ta skou by De Westereen, widdo Van Seggeren langer fêst
De Ljouwerter rjochtbank sil in skou hâlde by de krusing op De Westereen, dêr't yn july foarich jier it lichem fan Tjeerd van Seggeren fûn waard. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten by de pro forma-sitting. De 33-jierrige widdo fan Van Seggeren moat ek langer yn foararrest sitten bliuwe.

De skou sil plakfine op in datum dy't yn de buert leit fan 9 july. Op dy dei waard foarich jier de deade Tjeerd van Seggeren oantroffen. De skou wurdt op ûngefear deselde datum hâlden, sadat de omstannichheden lykweardich binne oan dy op de jûn fan de moard. De rjochtbank sil sawol oerdeis as jûns de lokaasje besjen.
Foararrest ferlinge
Advokaat Brian de Pree fan de widdo fan Van Seggeren fersocht de rjochtbank it foararrest fan syn kliïnte op te heffen. Neffens de advokaat is it bewiis dat it Iepenbier Ministearje hat 'tige meager'. It gerjochtshôf oardiele lykwols dat der 'earnstige beswieren' binne en dat it foararrest ferlinge wurde moast.
Advokaat Brian de Pree yn Weistra op wei
Tjeerd van Seggeren (37) kaam yn de nacht fan 8 op 9 july 2017 troch geweld om it libben. Hy hie dy jûn in besite brocht oan in festival op De Westereen. Syn lichem waard letter oan de Fûgelsang fûn. Op basis fan syn ferwûningen waard yn earste ynstânsje tocht oan in oanriding. Dat senario hat it Iepenbier Ministearje farre litten. Yn de omjouwing binne gjin spoaren fûn dy't dêrop wize.
Geweld
Om't Van Seggeren swiere ferwûningen hie op syn lichem en oan syn holle, tinkt it Iepenbier Ministearje dat er troch geweld om it libben brocht is. Dat soe troch ien of meardere persoanen dien wêze.

Ein desimber waard de widdo fan Van Seggeren oppakt, in pear dagen foardat se mei har bern nei Dútslân gean soe, har bertelân. Neffens it Iepenbier Ministearje soe de frou meardere motiven hawwe kinne foar de moard. Sa soe der sprake west ha fan relaasjeproblemen.