Ljouwerter (56) slacht man trije tosken út de mûle: wurkstraf

In man fan 56 jier út Ljouwert hat woansdei in wurkstraf fan 180 oeren krigen, omdat hy in man út It Hearrenfean trije tosken út de mûle slein hie. Dat barde yn de nacht fan 11 maart yn de Van Ostadestrjitte yn Ljouwert.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Ljouwerter hie spul mei in groepke jongeren dat in protte leven makke. De man waard lilk, om't syn sike frou troch it leven net sliepe koe. Hy hie de groep jongeren al in kear warskôge. Doe't it leven trochgie, joech hy ien fan de famkes yn de groep in triuw.

Skeafergoeding

Sy kaam te fallen en rekke út de tiid. Dêrnei sloech hy de man út It Hearrenfean fûl op 'e kaak. De rjochter hat bepaald dat de Ljouwerter in skeafergoeding betelje moat fan 1.400 euro oan it slachtoffer út It Hearrenfean. De frou dy't út de tiid rekke nei it triuwen, hat rjocht op in skeafergoeding fan goed 750 euro.