ChristenUnie wol skoalbern Súdwest-Fryslân fergees sporte litte

Alle basisskoalbern yn Súdwest-Fryslân moatte fergees sporte kinne. Dat fynt de ChristenUnie yn Súdwest-Fryslân.
© Buurtsportcoaches Dongeradiel
Riedslid Geartsje Horjus wol dêroer in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Sy fynt it belangryk dat jonge bern wat oan sport dogge; foar har sûnens en har sosjale kontakten. Fierder is it ek goed foar de sportklups as der in soad jonge leden binne.
De ChristenUnie fynt dat sport stimulearre wurde moat troch de gemeente en dat dêr ek jild foar útlutsen wurde moat. Sport soe in serieuze konkurrint wurde moatte fan de mobile telefoan of fan de iPad, sa seit riedslid Horjus.