Tolve jier sel en tbs foar deadlike sjitpartij yn Easterwâlde

De rjochtbank hat woansdei 12 jier sel en tbs mei twangferpleging oplein oan de 59-jierrige man út Easterwâlde foar in deadlike sjitpartij, augustus ferline jier, yn in hûs oan de Stegingawei yn Easterwâlde. Neffens justysje hat de fertochte it slachtoffer (51) mei opsetsin deasketten. De eask wie itselde.
Ut rapporten fan saakkundigen docht bliken dat fertochte in steurnis hat mei antysosjale en narsistyske trekken, ek is er minder tarekkenber. It risiko op werhelling is grut.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hier fan it hûs

De manlju soene spul hân ha oer de hier fan it hûs , dat eigendom wie fan it slachtoffer en dêr't de fertochte wenne. It slachtoffer waard rekke troch trije kûgels. Neffens de fertochte kaam de oare man mei it pistoal op him ôf. Yn de wrakseling tusken beide manlju soe it fjoerwapen doe in pear kear ôfgien wêze. De offisier fan justysje leaut neat fan dat ferhaal. De fertochte soe al earder oankundige ha dat er it slachtoffer deasjitte soe.

Sletten mienskip mei drugsproblematyk

Earder fertelden buertbewenners dat se net fernuvere wienen oer de sjitpartij yn in hûs yn har buert. It siet der oan te kommen, der wie in protte ûnrêst yn dat hûs, seinen se. De buert yn Easterwâlde is in hiel sletten mienskip mei drugsproblematyk neffens boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf. "Der is in bepaald sirkwy hjir yn Easterwâlde dêr't dreech grip op te krijen is. It is hiel lestich foar de plysje om dêr goed sicht op te hâlden."