Zoover: "Skylge is it moaiste eilân fan Nederlân"

De ûnbegrinze strannen, de fjoertoer en 70 kilometer oan fytspaden. Dy meitsje fan Skylge it moaiste eilân fan Nederlân, skriuwt toeristysk platfoarm Zoover. Fan de 8.000 dielnimmers oan it ûndersyk, keas 38 prosint foar Skylge. It eilân stiet bekend as it fytseilân. Teksel en It Amelân binne ek populêr en einigen as twadde en tredde.
Flylân einige ferline jier noch op it earste plak, mar sakke dit jier mei 13 prosint fan de stimmen nei it fjirde plak. Skiermûntseach is fiifde wurden. Neist de Waadeilannen skoare ek de Siuwske eilannen Schouwen-Duiveland en Walcheren heech.