Tûzenen fakânsjebanen foar jongerein

Jongerein dy't mei de fakânsje wat byfertsjinje wol, kin lanlik kieze út mear as 5000 fakânsjebaantsjes. Yn Fryslân stean noch 244 banen iepen. It gemiddelde oerelean is hast 11 euro bruto, docht bliken út sifers fan fakatuerewebside Adzuna. De measte banen wurde oanbean yn de logistike sektor, it giet dan benammen om magazynmeiwurkers. Yn Noard-Brabân binne mei hast 1000 de measte banen beskikber. It gemiddelde bruto-oerelean leit dêr mei dik 12 euro ek it heechst yn Nederlân.
Wa't noch wat mear fertsjinje wol kin it bêst in baantsje yn de IT sykje: dêr lizze de leanen mei hast 14 euro yn de oere it heechst. De sûnenssoarch fertsjinnet mei 13,5 euro ek goed. Dat hat benammen te krijen mei it tekoart oan personiel.