Provinsjaal jild foar Frysk taalbelied gemeenten
De gemeenten yn Fryslân kinne by de provinsje subsydzje krije foar it ûntwikkeljen fan taalbelied oangeande it Frysk. De provinsje stelt dêrfoar yn totaal 450.000 euro beskikber.
It doel fan de regeling is dat gemeenten it gebrûk fan de Fryske taal stimulearje. Dat kin troch it Frysk sels mear te brûken en mear jongerein by de taal te belûken. Gemeenten binne wetlik ferplichte in beliedsplan oer it gebrûk fan it Frysk te meitsjen. Sels ha se dêr net altyd jild foar.
Yn it ferline hat de provinsje wolris ynsidinteel jild beskikber steld, mar dat wurdt no op strukturele basis dien. Foar 2021 moatte de gemeenten sa'n Frysk beliedsplan klear hawwe.