Unbekende man makke foto's by berne-opfang Feanwâlden

Berneopfangorganisaasje Kids First hat âlden fan de lokaasje yn Feanwâlden in brief stjoerd oer in ûnbekende man dy't dêr foto's makke hat. Neffens de organisaasje stie de man ôfrûne moandeitemoarn foto's te meitsjen fan in sliephúske, dat op it terrein fan de opfang stiet. By dat húske lei op dat stuit in berntsje te sliepen.
Personiel fan Kids First hat de man oansprutsen; dêrnei gie er fuort. De opfangorganisaasje hat de wykagint op 'e hichte steld. Dy soe oanjûn hawwe dat der yn de omjouwing inkelde meldingen binne fan manlju dy't bern oansprekke. It sinjalemint fan de fotomakker soe oerienkomme mei ien fan dy meldingen dy't earder by de plysje binnen kamen.