Plannen fan nije eigener sjitbaan by Ketlik net te realisearjen

De plannen fan de nije eigener mei de âlde sjitbaan by Ketlik binne, mei it bestimmingsplan dat der no leit, net te realisearjen. Dat seit wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente Hearrenfean.
© Omrop Fryslân
Neffens de wethâlder binne der wat it terrein oanbelanget wetlike kaders dêr't rekken mei hâlden wurde moat. Yn it bestimmingsplan stiet it terrein fan de âlde sjitbaan fan de plysje omskreaun as boskgebiet, mei in lytse mooglikheid ta rekreaasje. Under mear fanwegen de wet natuerbeskerming en de oanwêzichheid fan dassen en rôffûgels, is oanpassing fan it bestimmingsplan sûnder fierder ûndersyk net helber.
Eigener Marko de Vries fan Sport Anders, dat sport oanbiedt oan bern mei in beheining, wol it terrein brûke foar sportaktiviteiten mei de bern. Mar De Vries mei op it stuit it terrein net op mei de bern, om't it fersmoarge is mei lead fan kûgels en der deade plysjehûnen begroeven lizze.
De gemeente hat wol ferskate kearen oerlis hân mei De Vries, mar der is noch gjin offisjele oanfraach dien foar it wizigjen fan it bestimmingsplan. Neffens wethâlder Van Veen leit de bal no earst by de ûndernimmer; dy moat beslute oft er oanfoljend ûndersyk dwaan litte wol. De gemeente jout wol oan meitinke te wollen mei de eigener en fynt it inisjatyf fan De Vries in 'wolkomme oanfolling'.
Eigener Marko de Vries fan Sport Anders © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer