Seldsume F-104 Starfighter boppe Ljouwert
Wa't goed heard hat, hat moandei boppe Ljouwert in skel lûd heard: dat fan de CF-104D Starfighter út Noarwegen. De F-104 Starfighter is de foarrinner fan de F-16 en waard yn de jierren 60 troch it 322 (Dutch) Squadron yn gebrûk naam. Tongersdei 14 juny fiert 322 Squadron syn 75-jierrich jubileum op de fleanbasis fan Ljouwert. Spesjaal dêrom is de Starfighter no efkes yn Fryslân.

"Hij heeft zo'n kenmerkend geluid: het fluit, het jankt, het zuigt, Dat is genieten", sa seit foarsitter fan de Aviation Group Leeuwarden Joop de Groot yn Muzyk yn Bedriuw. Neffens him wie it moandei smoardrok op it spottersfjild, mei allegearre minsken dy't it aparte lûd net mear boppe Nederlân heard ha sûnt 1984, doe't de lêste F-104 Starfighter Nederlân útfleach.
"Fantastisch dat het toestel weer vliegt"
It is in seldsum fleantúch, wit De Groot te fertellen: "Er is er maar één van in Europa. In Noorwegen is een groep hobbyisten die al jaren aan deze Starfighter sleutelt. Het is fantastisch dat ze het voor elkaar hebben gekregen dat het toestel weer vliegt. Eind vorig jaar hebben ze de eerste vlucht met dit toestel weer gemaakt: één van de piloten is een oud-starfighterpiloot."
It jubileum fan 322 Squadron tongersdei is allinnich tagonklik foar nûgen. In Belgyske F-16 en it Nederlânske Fokker Four team sille fleane op dizze dei.
Joop de Groot oer de F-104 Starfighter yn Muzyk yn Bedriuw