Boeren jouwe útlis oer wat plas-dras docht foar greidefûgels

Boer Gert Jan Sijtsma hat sûnt dizze wike in ynformaasjeboerd oer plas-dras by syn buorkerij stean. It is in inisjatyf fan Agrarisch Collectief Waadrâne. De boeren wolle sa útlizze wat foar effekt oft sa'n plas-drasgebiet op greidefûgels hat.
Gert Jan Sijtsma en Hans Kroodsma by it nije boerd oer plas-dras yn Wetsens © Klasina van der Werf
Sijtsma hat twa stikken gerslân fochtich hâlden mei ûndjippe wiete stikken: plas-dras. "Dy fochtige boaiem is in ideaal plak om fretten te sykjen foar greidefûgels, omdat se hjir mei de snaffel better by de wjirms kinne", leit Sijtsma út. Hy kin fol passy fertelle oer de greidefûgels en dat docht er ek graach oan foarbygongers. "No't it boerd hjir stiet, falt it mear op dat dit in bysûnder gebiet is."

Imago ferbetterje

Foarsitter Hans Kroodsma fan Agrarisch Collectief Waadrâne fynt it belangryk om sa sjen te litten dat in soad boeren hert foar de natuer ha. "Faak krije boeren oeral de skuld fan: de achterútgong fan de greidefûgels, de ôfname fan ynsekten, lânskipspine. Troch te fertellen wat we dogge, hoopje we ús imago te ferbetterjen. Mei goed 145 leden wurkje we yn Noard-Fryslân mei oan de beskerming fan boerelânfûgels", seit Kroodsma, dy't sels in buorkerij yn Jannum hat. "Wy krije der in ûnkostefergoeding foar, mar ast sjochst watfoar regelwurk der allegear by komt te sjen, dan moatst echt in leafhawwer wêze om dit te dwaan. En dat binne wy."

Jonge fûgels in kâns jaan

Je moatte der wol ferstân fan ha om in plas-drasgebiet oan te lizzen. By Sijtsma leit oan wjerskanten fan de plas-dras krûderyk greidefûgelgerslân. Dêr bloeie ferskate soarten gers en krûden, dy't ynsekten oanlûke. Dy ynsekten tsjinje wer as fretten foar de greidefûgelpykjes. De stikken lân krije allinne rûge stâldong en it meanen wurdt útsteld oant nei 15 juny. Dat jout de greidefûgels alle rêst om har aaien te lizzen en har pykjes opgroeie te litten. "Dêr giet it om. Want as de jonge fûgels gjin kâns krije, dan hâldt alles op", seit Sijtsma.