Soad krityk fan festivalgongers Promised Land

It bier en wetter wie oeren foar slutingstiid al útferkocht, minsken moasten soms wol in oere yn de rige stean foar in besite oan it húske en der wienen te min jiske-amers om it ôffal kwyt te kinnen. It binne samar wat klachten dy't festivalgongers fan it Promised Land Festival yn Ljouwert op Facebook delsette. De festivalorganisaasje ken him foar in part wol werom yn de krityk.
Promised Land © Promised Land
Alle 10.000 kaarten foar de fiifde edysje fan it Promised Land Festival yn natoergebiet de Griene Stjer yn Ljouwert wienen ôfrûne sneon útferkocht. De waarfoarsizzing like goed en de line up mei ûnder oaren hiphopartysten as De Jeugd van Tegenwoordig, Kraantje Pappie en JeBroer, mar ek hardstyle-artysten as Noisecontrollers en Warface sprutsen it publyk oan.
Dochs hawwe de festivalgongers noch wol wat tips foar de organisaasje om de folgjende edysje better ferrinne te litten. Teloarstelde besikers litte nei ôfrin fan it festival op de Facebookside fan Promised Land in soad krityk efter.

Ferbetterpunten

De wachtrigen by de entree, de bar en de húskes wienen ekstreem lang. Neffens guon festivalgongers stienen se soms wol in oere te wachtsjen op in drankje of in besite oan it húske. Punt fan krityk is ek dat it net mooglik wie om iten te beteljen mei de festivalmuntsjes.
Festivalorganisator Bobby Veenstra fan Promised Land faget de klachten net fan tafel. "It bier en ek oar drinken wie yndie om tsien oere jûns hinne hast op. Wy hawwe doe alles op alles set om noch in leveransier te finen, dy't ús nije foarried leverje koe. Dat is slagge. Al mei al hat der in koarte tiid gjin bier te keap west. Om alve oere jûns rûn de taap wer. It binne ûnfoarsjoene logistike problemen, mar wy hawwe besocht dy fuort ek wer op te lossen. De ferkeap gie better as ferwachte. Folgjend jier dogge wy it better."
Bedankt Promised Land, want dankzij jullie heb ik vandaag geen kater. Dat was namelijk niet voor elkaar te krijgen met die rijen overal.
Eline Lolkema, festivalgonger
Neffens Veenstra is der ek monitoard hoelang't minsken yn de rigen stien. "Promised Land wie útferkocht, dus dan stean je fansels wat langer yn de rigen. En as minsken in soad drinke, dan moatte se ek faker nei it húske. Minsken moasten yndie yn de rige stean foar de wc's, mar yn ús optyk hat dat gjin oere duorre."
It Promised Land-festival wurket benammen mei frijwilligers. Dat hat foardielen, mar ek neidielen, fynt ek Veenstra sels. "As je minsken net betelje foar it wurk dat se dogge, kinne je se ek minder goed op harren ferantwurdlikheid wize. Al hawwe se dy fansels wol."
Besikers fan it festival fertelle dat der op in gegeven momint fergees bier útdield waard troch ien dy't him foardie as barfrijwilliger. Probleem is dat frijwilligers net te werkennen wienen oan spesjale festivalshirts. "Ik haw ek ferhalen heard dat der fergees bier útdield is. Dêr binne wy fansels net wiis mei. Alle eveneminten hawwe learprosessen en dizze punten nimme wy absolút mei yn ús evaluaasje foar hoe't wy it takom jier better dwaan kinne", beslút Veenstra.