Aksje by Vitens yn Ljouwert

Meiwurkers fan wetterbedriuwen fiere tongersdei in spandoek-aksje foar in bettere cao. Yn Fryslân giet it om meiwurkers fan it bedriuw Vitens. It fakbûn FNV begûn maart ferline jier mei de ûnderhannelingen oer in nije cao. Mear as in jier letter is der noch altyd gjin oerienkomst.
It Vitens kantoor Ljouwert © of
It skeel giet der ûnder oaren oer dat Vitens-meirwurkers mei in ôfstân ta de arbeidsmerk oars behannele wurde yn de cao as oare wurknimers.
Onverteerbaar en vrij asociaal.
Linda Groen, bestjoerder FNV
De wurknimmers en it fakbûn FNV fine dat ûnakseptabel en komme dêrom yn aksje. "Dit is onverteerbaar en vrij asociaal", seit Linda Groen, bestjoerder fan FNV.
Linda Groen fan fakbûn FNV