Pikefel by audysjes foar cd-opname
Audysje foar cd
Senuwachtich wie er net, Sjoerd van Dijk, de âldste dielnimmer (91 jier) fan de audysjes foar in cd. Entûsjast song er 'Toen wij uit Rotterdam vertrokken'. Pikefel krigen Anneke Douma en Griet Wiersma derfan. Se foarmen de sjuery fan de audysje.
"It is fantastysk", fynt Anneke en "in feestje om te dwaan", follet Griet oan. De beide froulju fine it moai as minsken muzyk meitsje en dêr wille oan belibje. "Dan hast al in priis."
Ek de twa jongste dielnimmers, Geartsje en Hieke fan 6 en 8 jier, stienen entûsjast, mei har memmen, te sjongen op it poadium.

Cd mei werkenbere lietsjes
De audysjes yn âldereinhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean binne bedoeld foar in cd dy't opnommen wurdt mei werkenbere ferskes fan eartiids. Dizze cd mei Nederlânske en Fryske lieten wurdt brûkt by aktiviteiten yn de âldereinsoarch om oantinkens op te heljen, foar bygelyks pasjinten dy't demint binne.
Op de oprop om audysje kamen mear as 100 opjeften. Nei in foarseleksje bleaunen sa'n 17 kandidaten oer. Dêr siet fan alles by: froulju, manlju, duo's, koaren en bern, allegear amateursjongers. De bewenners fan Anna Schotanus wienen útnûge as publyk en mochten sjuery wêze foar de publykspriis.

It idee foar de cd komt fan Coby Hoekman en Mariska Suierveld. Sy betinke aktiviteiten om oantinkens op te roppen, mei ferhalen, foto's, muzyk en âlde foarwerpen. As klanten ha se foaral soarchynstellingen foar âlderein.