Aldste filmkleurebylden fan Fryslân fûn

Aldste kleurebylden fan Fryslân fûn
It Fries Film Archief yn Ljouwert is tsjin bysûndere kleurebylden fan Fryslân op rûn. It binne de âldste filmbylden yn kleur dy't oant no ta fûn binne fan ús provinsje. Aartje en Coos van Rijswijk út Den Haag filmen Flylân yn 1938. Ek al hearde Flylân oant 1942 by Noard-Hollân, dochs binne it de âldste kleurebylden fan Fryslân.
De bylden komme fan it Flylanner museum Tromp's Huys. Dy hat de bylden krigen fan de famylje Vermeire-Van Rijswijk. Mei in 16mm kamera makken Aartje en Coos van Rijswijk in kleurefilm fan it doarp Oost-Vlieland. De bylden sitte oan it ein fan in film dy't datearre is mei 1936-1938.
De âldste kleurebylden fan in Fries yn it Fries Film Archief komme út 1938, mar binne net makke yn Fryslân, mar op fakânsje yn Fenetië. "De kleurebylden fan Flylân binne dus fierwei de âldste kleurebylden fan Fryslân", seit Syds Wiersma fan it argyf.
Ek unyk, de measte plaatsjes yn kleur waarden yn it filmke makke troch Aartje. "Dat in frou filme wie foar dy tiid net hiel gewoan. Wy binne dan ek tige wiis mei de kleurefilm fan Flylân," seit Wiersma.
Noch de hiele moanne is Flylân yn kleur yn de jierren tritich te sjen yn Tresoar, yn de saneamde Histobios.