Furdjel Narsingh definityf nei De Graafschap
De Graafschap hat Furdjel Narsingh foar it kommende seizoen fêstlein. De 30-jierrige oanfaller komt transferfrij oer fan SC Cambuur. Narsingh wurke dêr earder al gear mei Henk de Jong, de hjoeddeiske haadtrainer fan De Graafschap. De club út Doetinchem is promovearre nei de earedifyzje.
"Furdjel is een snelle en behendige aanvaller, die goed op de rechterkant uit de voeten kan'', seit manager fuotbalsaken Peter Hofstede fan de 'Superboeren'. "Onze trainers Henk de Jong en Sandor van der Heide hebben eerder met hem gewerkt in de eredivisie. Wij zijn overtuigd dat hij ook voor ons een meerwaarde kan zijn op het hoogste niveau.''
Furdjel Narsingh, de broer fan international Luciano Narsingh, spile earder foar AZ, FC Volendam, Telstar en PEC Zwolle. De Graafschap luts foar it nije seizoen ek al de oanfallers Mohamed Hamdaoui, Stef Nijland en Jordy Thomassen oan.