Fraachtekens by bou huzen op terrein eardere miniatuerpark Appelskea

It is mar de fraach oft de bou fan 55 huzen op it terrein fan it eardere miniatuerpark yn Appelskea troch giet. De gemeentepolityk freget him ôf oft der einliken wol ferlet is fan safolle huzen en oft dy wol passe op it relatyf lytse stik grûn. Dêr moatte ek nochris rom tachtich parkearplakken oanlein wurde. Dêrneist fine de politisy dat der yn it doarp gebrek is oan draachflak foar de bou.
Google Street View © De Boerestreek yn Appelskea
De beswieren kamen tiisdeitejûn nei foarren by in kommisjegearkomste Letter dizze moanne moat de gemeenteried him der oer útsprekke. Mooglik giet dat net troch, omdat it plan fan de wurklist helle wurdt. De ferantwurdlik wethâlder besjocht dat.