Heger berop deadlik dongsilodrama Makkingea woansdei foar de rjochter
By it gerjochtshôf yn Ljouwert tsjinnet woansdei it heger berop yn de saak fan it dongsilodrama yn Makkingea. By it skjinmeitsjen fan de dongsilo by in boerebedriuw kamen fiif jier ferlyn trije minsken om it libben. De eigener fan it skjinmakbedriuw dy't ferantwurdlik holden wurdt foar it deadlik ûngelok, is ferline jier troch de rjochtbank yn Zwolle feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst fan ien jier. Ek krige er in boete fan 100.000 euro.

De man waard ferwiten dat er de risiko's fan it skjinmeitsjen fan de dongsilo net goed ynskat hat en dêrmei oaren yn gefaar brocht hat. Sa wie der gjin needproseduere.
By it ûngelok op 19 juny 2013 kamen trije minsken om it libben, de soan fan de eigener fan de dongsilo en twa wurknimmers fan it skjinmakbedriuw. De trije wiene yn de dongsilo oan it skjinmeitsjen, mar rekken út de tiid troch de oanwêzige gassen. Doe't de helptsjinsten oankamen, wie it al te let. De trije deadlike slachtoffers wiene 26, 29, 42 jier en kamen fan De Jouwer en Nijlân.
Ferline wike waard bekend dat klanten fan it ferantwurdlike skjinmakbedriuw, Heeres Mix- en Pomptechniek fan Abbegea, jild ynsammelje wolle om eigener Gerrit Heeres te stypjen. De klanten binne benaud dat hy de opleine boete fan 100.000 euro net betelje kin en dat syn bedriuw it net oerlibbet.
Neibesteanden fan de slachtoffers fan it ûngelok binne net bliid mei de aksje. Neffens harren falt it bedriuw te ferwiten dat it de wurknimmers mei 'totaal ûngeskikte apparatuer' yn de silo wurkje litten hat. De neibesteanden ûnderfine de aksje as in 'stomp yn de mage'.
Omrop-ferslachjouwer Auke Zeldenrust sil de saak woansdei bywenje en der oer twitterje. It heger berop begjint moarns om njoggen oere.