Kabine frachtwein yn 'e brân by Marsum
Frachtwein yn de brân by Marsum
By Marsum is tiisdeitemiddei de kabine fan in frachtwein folslein útbrand. De sjauffeur murk ûnder it riden dat de kabine ynienen begûn te brânen. Dêrop sette hy de frachtwein oan 'e paralleldyk fan de N31 by Marsum.
De kabine fan de frachtwein is troch de brân folslein útbrând. De trailer rûn ek skea op, mar is net ferlern gien. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.
