Frysk foarlêze oan pjutten yn Fryske Foarlêswike

Frysk foarlêze oan pjutten yn Fryske foarlêswike
Pjutten en beukers krije dizze dagen rûnom yn ús provinsje ferhalen te hearren yn it Frysk. Goed 600 dielnimmers lêze foar út Tomke en syn freontsjes. 'Tomke troch it jier' is dit jier it tema fan de Fryske Foarlêswike. Op bernedeiferbliuw fan Stichting Kinderopvang Fryslân yn Akkrum sette de skriuwster fan de Tomke-boeken, Riemkje Pitstra tiisdeitemoarn útein mei bern tusken de 0 en 4 jier âld.
De pjutten by it bernedeiferbliuw fan SKF Akkrum wurde foarlêzen troch Riemkje Pitstra

Fryske Foarlêswike

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek boargemasters dy't harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike.
It foarlêzen is sa wichtich. Dy taalûntjouwing begjint op jonge leeftiid en it is dan belangryk datst de bern foarlêst.
Riemkje Pitstra, skriuwster Tomke
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.