Makette iisfontein yn Museum Dokkum

Yn Museum Dokkum is fan tiisdei ôf in makette te sjen fan de iisfontein yn de stêd. De fontein sels is noch net klear, dy wurdt fan 't hjerst ûntbleate. Neffens direkteur Ihno Dragt fan Museum Dokkum fine toeristen it spitich dat se net mei de iisfontein op 'e foto kinne. Dêrom hat it museum regele dat der no in makette yn it museum stiet.
Ihno Dragt mei syn nijste boek by de makette fan de iisfontein © Museum Dokkum
,,Toeristen willen met de ijsfontein op de foto en zijn teleurgesteld als ze ontdekken dat deze nog niet klaar is. Daarom hebben we nu een maquette van de ijsfontein geregeld, die in ons museum is te vinden. Zo kunnen ze toch met het schaalmodel van de ijsfontein op de foto'', seit direkteur Ihno Dragt fan Museum Dokkum. Hy hat tiisdei ek syn nijste boek oer de Markt yn Dokkum presintearre. It giet om diel twa fan 'Graven in de Bonifatiusterp van Dokkum'.