Wike selstraf foar mishanneling fan eigener Wâldnet

In 27-jierrige Drachtster is feroardiele ta in wike finzenisstraf foar mishanneling fan de eigener fan nijsmedium Wâldnet. De mishanneling wie foarige simmer yn in snackbar yn Burgum.
De fertochte ferklearre moandei by de rjochter dat er skjin syn nocht hie fan de publikaasjes op Wâldnet oer syn persoan. Dy wiene yn syn eagen 'ûnearlik'.
De fertochte sels ûntkende dat er raak slein hat. Njonken it geweldsdelikt, stie de Drachtster ek terjochte foar heling fan stellen fytsen.