Sylskip Wylde Swan fiert jubileum yn Harns
Masterskip Wylde Swan bestiet no fiif jier en dat feestje waar snein beskieden fierd. Yn dy fiif jier tiid hat der in soad jongerein mei west op fiere reizen mei it grutte sylskip. It ôfrûne wykein kaam it skip fanút Kuba wer oan yn Harns; de thúshaven dêr't it skip mar twa kear yn it jier is.

Ferslachjouwer Remco de Vries stapte oan board fan it sylskip
De kommende twa wiken wurdt der oan it skip wurke, mar snein wie it in dei wêrop potinsjele dielnimmers ynformaasje krije koenen. Learlingen út groep 4 fan de havo en groep 4 en 5 fan it vwo kinne mei op in lange reis en krije ûnderweis ûnderwiis. Goedkeap is it net, dat betsjut dat de dielnimmers hurd wurkje en sparje moatte om mei te kinnen.
