Tuinenga, Wijnia en Scheepstra winne yn Berltsum

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hat sneintemiddei yn Berltsum de frijeformaasjepartij by de froulju wûn. Se bleaunen it oare sterke partoer fan Nynke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra de baas mei 5-5 en 6-4. It wie alwer de tredde seizoensoerwinning foar it partoer fan Tuinenga. Earder waard yn Easterein en yn Winsum al wûn troch de froulju.
De lytse preemje yn Berltsum gie nei Nelie Steenstra, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.