Van der Bos-en-dy pakke twadde seizoensoerwinning yn Dronryp
De formaasje fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat yn Dronryp de twadde seizoensoerwinning behelle yn de frijeformaasjepartij. Yn in moaie finale bleaunen Van der Bos-en-dy Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar de baas mei 5-5 en 6-0. Op dy stân twong Steenstra Hans Wassenaar ta in kwea slach. De winners moasten yn de finale in 5-3 efterstân fuortwurkje.

De tredde priis wie foar Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Sy ferspilen yn de heale finale in 5-2 foarsprong tsjin de lettere winners. Tjisse Steenstra fan Bitgummole waard yn Dronryp ta kening fan de partij útroppen.
Striid om de finale
Foar in plak yn de finale of neat gong de striid tusken Menno van Zwieten en Enno Kingma. De heale finale gong tusken Peter van Zuiden en Gert-Anne van der Bos. Sjoch hjir nei dizze wedstriden.
Heale finale Dronryp
Finale Van der Bos tsjin Kingma
De finale giet tusken it partoer fan Van der Bos, Triemstra en Steenstra en it partoer fan Kingma, Hiemstra en Wassenaar. It waard in spannende finale, dy't einige yn 5-5.
Finale Dronryp
Heit Van der Bos pakt oerwinning
Dizze is foar Rijn Jakob
Gert-Anne van der Bos waard ferline wike heit fan in soan: Rijn Jakob. Dêrtroch miste hy it keatsen yn Menaam. Syn maten Taeke Triemstra en Tsjisse Steenstra wûnen doe mei syn ferfanger Johan van der Meulen. No wûnen se dus wer, mar dan mei Van der Bos. "Dat jout wol in soad enerzjy moat ik sizze."
Gert-Anne van der Bos yn Dronryp
Goede comeback Enno Kingma
Enno Kingma miste de earste wedstriden fan dit seizoen, omdat hy syn staazje yn Skotlân earst ôfmeitsje moast. Sûnder Kingma degradearden syn maten Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ek nochris nei de earste klasse. Dêr wûnen se lykwols twa kear en dus kamen se hjoed foar it earst wer werom yn de haadklasse, no mei Enno Kingma. Dy sûnt syn comeback sawiesa goed presteart, want hy wûn sneon yn Moarre-Ljussens in haadklasse útnoedigingspartij, hy wûn in tredde priis op de bûnspartij en pakte in oerwinning yn de earste klasse.
Enno Kingma