Hobma pakt alwer de fjirde seizoensoerwinning yn Drylts
Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn yn Drylts alwer syn fjirde oerwinning fan it fierljepseizoen pakt. Hobma ljepte yn 19.77 meter nei de winst op de skâns yn Drylts. Op it twadde plak einige thúsljepper Bobby Zwaagman mei 19.57 meter. Ysbrand Galama fan Warkum pakte it lêste poadiumplak yn 18.47 meter.
Froulju en famkes
By de froulju gie de titel nei Sigrid Bokma fan Hylpen yn 14.12 meter. Akke Dijkstra (13.67) en Marije Reitsma (12.95) waarden respektyflik twadde en tredde. By de famkes waard Femke Rispens deiwinner. Sy ljepte mei 14.63 fierder as Bokma by de froulju. Twadde waard Fardau van Akker fan Suwâld; it tredde plak gie nei Bente Vlas fan Heech.
De deiwinst by de junioaren wie der foar Jetse Bokma fan Hylpen yn 18.62 meter. Wietse Nauta fan Drylts einige as twadde mei 16.37 meter; Jos Bethlehem fan Drylts wie tredde mei 15.91 meter. By de jonges wûn Rutger Haanstra fan It Heidenskip yn 16.72 meter. Wisse Broekstra en Abe-Luuk Stedehouder einigen op it twadde en tredde plak by de jonges.
Oergongsklasse
Yn de oergongsklasse ljepte Daan de Vries fan Feanwâlden mei 16.49 nei de bêste ôfstân.