Lân fan taal lûkt mei Taalkaravaan troch Fryslân

Online Lân fan Taal lûkt mei Taalkaravaan troch Fryslân
Lân fan taal lûkt mei de Taalkaravaan by festivals en eveneminten yn Fryslân del. Foarstellingen fol talen en ferhalen wurde oan de programmearring fan eveneminten taheakke. De earste halte is Oranjewoud Festival. Dêr gean sneon de foarstellingen 'Tongen' fan skriuwer en performer Nyk de Vries en 'Solo' mei musisy fan it Noord Nederlands Orkest yn premjêre.
Nyk de Vries © Omrop Fryslan
Nei it Oranjewoud Festival (1 o/m 10 juny) lûkt de Taalkaravaan nei Oerol (15 o/m 24 juny), Simmerdeis (28 juny o/m 1 july), The Tall Ships Races (3 o/m 6 augustus) en de Admiraliteitsdagen (6 o/m 8 septimber). Neist in meireizgjend haadprogramma binne der per lokaasje passende, oanfoljende optredens en aktiviteiten.
Festival Oranjewoud © Omrop Fryslan