Fuotballers Drachtster Boys net nei de haadklasse

De fuotballers fan Drachtster Boys binne der nei it ferlies tsjin Sportlust '46 sneontemiddei net yn slagge promoasje ôf te twingen nei de haadklasse. De ploech ferlear thús nei strafskoppen fan de gasten út Woerden, nei't de stân nei de reguliere spyltiid op 1-1 stean bleau.
© Orange Pictures
Yn de 21ste minút fan de wedstriid kaam Drachtster Boys wol op foarsprong. Oan de ein fan de earste helte krigen de Drachtsters noch in strafskop, mar dy waard mist. Dêrtroch koe Sportlust '46 weromkomme yn de wedstriid.
Demeijer skeat oan de ein fan de twadde helte binnen foar de gasten: 1-1. Yn de ferlinging moasten strafskoppen de beslissing bringe. Dêryn wie Sportlust de bêste, ûnder mear troch keeper De Leeuw dy't trije strafskoppen fan Drachtster Boys tsjinhold.