Piet Paulusma: ''Dizze simmer wurdt ien fan ekstremen''

De simmer fan 2018 wurdt ien fan ekstremen. Dat is de foarsizzing fan waarman Piet Paulusma. Neffens Paulusma wurdt it in waarme simmer mei temperatueren fan in heale of ien graad boppe de trochsneed temperatueren. En miskien sels noch waarmer.
© Omrop Fryslân
Ek sil it flink wiet wurde en is der flink wat sinne. It tal sinne-oeren sil ek boppe gewoan útkomme. Der komme perioaden mei strândagen, mei minstens ien of twa waarmteweagen en mooglik ek in hjitteweach. Koartom: it wurdt in simmer fan ekstremen. Grillich waar, mei swiere buien en in soad wyn en rein, heart der neffens Paulusma tsjintwurdich by.
Piet Paulusma komt alle jierren flak foar de winter en de simmer mei in seizoensfoarsizzing.