Iepenloftspul Grou: Gabe Skroar past op de bruorren Halbertsma

"Ik hie sels bruorren dy't wolris boppe oan de trep stiene te pisjen as ien nei boppe woe." Freark Smink spilet Gabe Skroar, de man dy't op de bruorren Halbertsma passe moat en dat falt net ta. De bruorren fleane alle kanten út yn dit teäterspektakel oan it wetter.
Gabe Skroar © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Gabe Skroar en de Halbertsma bruorren, in ympresje
In djipsinnige dûmny, in trochdriuwerige ûndernimmer, in drinkende en dichtsjende dokter en in houtkeapman. It is in bysûnder stel, de bruorren Halbertsma fan Grou. Yn dit stik, skreaun troch Bouke Oldenhof, wurdt boarte mei de histoarje, sûnder de wierheid geweld oan te dwaan.

De haadpersoan

Gabe Skroar, de kreupele kleanmakker spile troch Freark Smink, moat op it stel passe. Dat hat er heit en mem tasein krekt foar harren dea. Mar se binne jong, en fleane alle kanten op. It binne de gedichten en de ferhalen dy't har bine.
Dat jildt dan wer net foar de keapman, want dy docht net oan ferhalen. De fraach yn dit stik is oft se byinoar komme. Binne it de houliken en feesten dy't se tichter bymekoar bringt? Of de driging fan earmoed en dea?
As sjogger wurde je earst wat op it ferkearde spoar set. Want Gabe Skroar is fansels ea betocht as fantasy figuer troch de bruorren Halbertsma. Joast, Tjalling en Eeltje skriuwden 'De Lapekoer fan Gabe Skroar' yn 1822. De basis foar de ferneamde klassiker 'Rimen en Teltsjes'. Yn dit muzikale teäterspektakel wurdt Gabe Skroar in besteand persoan. Of dochs net?
Wa wiene de Halbertsma bruorren no eins?
Neffens De Kanon fan de Fryske Skiednis wie Joast Hiddes Halbertsma 'Mister Fryslân'.
Gabe Skroar en de Halbertsma bruorren, Freark Smink
Om yn de rol te kommen hat Smink earst neitocht hoe't er dat fysyk meitsje kin. Gabe Skroar rint mank. It docht Freark tinken oan ien dy't eartiids by him yn it doarp Sondel wenne. Dat loopke hat er wat oernaam, mar wol op sa'n wize dat er it ek it hiele stik folhâlde kin. Earder hat er yn in oar stik wol mei Rense Westra meimakke dat dy nei in pear repetysjes al nei de fysio moast. "Sjoch, dat woe ik dus net."
Se dogge my eins ek wol tinken oan de bruorren Hans en Wim Anker
Freark Smink, akteur
Smink is sljocht op histoarje. Hy wit dan ek in soad fan de Halbertsma's en kin der oer fertelle as kin er se persoanlik en is hy se ferline wike noch tsjinkaam. It wiene allegear stik foar stik manlju dy't fierder seagen as Grou. Yn dy tiid krigen se lykwols net altyd de erkenning foar har ynset en prestaasjes.

De Ankers

Yn it stik binne it net maklike figueren om op te passen. Mar se hawwe wol in goed hert. Sa is der in ferhaal oer Tjalling Halbertsma. Hy trout foar de twadde kear. Dat wurdt in grut feest, oeral hingje de flagen út. Der wurdt sels in bêste ko slachte en alle earme minsken yn Grou krije in stik. Al mei al docht it Smink eins wol wat tinken oan de advokaten Hans en Wim Anker. Ek sy hellen nuvere fiten út en wiene doerakken yn harren jeugd.

Bruorren

Romke, Jitze, Sicco en Herman. Se spylje de bruorren Halbertsma. Mei mekoar hawwe se in soad wille op de set. Ek al fjochtsje se mekoar yn it stik somtiden de tinte út. Fan de Halbertsma's hawwe se allegear wol heard, mar wat se no krekt allegear dien hawwe?
Nee, dat siet net echt yn de hollen fan de akteurs. Dat is fansels wol oars wurden no. De ien hat de basis lein foar it Fries museum. De oare Halbertsma betocht it Frysk folksliet. De akteurs fertelle it suver grutsk, as oft se it sels dien hawwe.
Ik fyn it geweldich om mei 'Sybe Satellyt' op ien poadium te stean
Herman Tichelaar, akteur
Se fine it stik foar stik geweldich om mei Smink op ien poadium te stean. Dêr stekke se wol wat fan op. Mar op de fraach wat dan, begjinne se allegear wer folút te laitsjen. Ja, dizze spilers hawwe wol in bân mei mekoar.
It is dan ek noflik om no as jonges ûnder mekoar wêze te kinnen, fertelle se. Want trije fan harren hawwe sussen of suskes. Romke is de ienige fan it stel dy't wol echt wit hoe't it is om in broer te hawwen. Dat nimt er ek mei yn syn rol. "Bruorren binne altyd hiel fysyk."
Gabe Skroar en de Halbertsma bruorren, de bruorren oan it wurd

Hichtepunt

Foar regisseur Theo Smedes is der neat moaiers as fanút it neat wat del te setten. Dat is tagelyk it meast spannende. It is net in klup dy't alle jierren mei in foarstelling komt. Gabe Skroar is ien jier te sjen; it stik is it hichtepunt yn it Halbertsma-jier. Dit jier stiet Grou yn it teken fan kultuer en de Halbertsma's.
De Halbertsma's steane foar alles dêr't we hjir no grutsk op binne. It ûntstean fan de Fryske taal hat hjir syn oarsprong. Ja, ik sjoch dit stik wol as in oade oan de Halbertsma's
Theo Smedes, regisseur
"It is in hiele operaasje om alle dissiplines by mekoar te bringen; koar, dûns, muzyk, op en oan it wetter, mar dat giet goed kommen". Foar de regisseur giet it stik foaral oer wat de Halbertsma's dien hawwe foar de Fryske kultuer en de Fryske taal, lykas 'De lapekoer fan Gabe Skroar'. "Se binne ûnderling sa ferskillend en toch hearre se by mekoar, dat lit dit stik ek sjen".
Smedes sjocht de foarstelling as in oade oan de Halbertsma's.
Gabe Skroar en de Halbertsma bruorren, regisseur Theo Smedes oan it wurd
Gabe Skroar is dus seker net allinnich moai foar minsken út Grou.

Spyldata

Reservedata: 8, 10, 14, 18, 21, 24, 25, 26 en 27 juny
Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.