Súdwest-Fryslân wol ynsammeljen fan âld papier feroarje

De gemeente Súdwest Fryslan wol dat de ynsammeling fan âld papier feroaret. It ynsammeljen is net mear fan dizze tiid, neffens de gemeente.
No binne der sa'n 75 maatskiplike oarganisaasjes dy't it âld papier ynsammelje. De mechanisaasje fan ynsammelmetoaden is ferbettere, dêrom is it net mear nedich dat bedriuwen âld papier oannimme.
As in organisaasje ophâldt mei it ynsammeljen fan âld papier, komt der gjin nije foar yn it plak. Sa wol de gemeente stadichoan oergean op in oare metoade: kliko's dy't mei in masjine lege wurde.