Steuring pinautomaat op It Hearrenfean; gjin link mei plofkreak
De plysje hat freedtemoarn De Opslach op It Hearrenfean ôfset om oan dy strjitte ûndersyk te dwaan nei in pinautomaat. Earder op de dei wie der in plofkreak yn Ljouwert, mar al gau die bliken dat it gie om in technyske steuring.

It gie om in pinautomaat fan de Rabobank. De plysje die hjir ûndersyk yn ferbân mei fertochte omstannichheden.