Spesjale edysje Oranjewoud Festival set freedtejûn útein
Mei in grut iepeningskonsert set freedtejûn it Oranjewoud Festival útein. It NNO, it Noord Nederlands Orkest, spilet dêr ûnder lieding fan Benjamin Levy en fioeliste Noa Wildschut. It iepeningskonsert is folslein útferkocht. It Oranjewoud Festival is dit jier oars fan opset. It is in spesjale Kulturele Haadstêd-edysje. Sa duorret it festival net in lang wykein, mar 10 dagen.
Lyts begjin
It festival is de ôfrûne jierren hieltyd grutter wurden. Yn it begjin wie it noch lytsskalich mei inkele hûnderten besikers. Ofrûne jier wiene der al sa'n 15.000. De ferwachtings foar dit jier binne heech. De organisaasje ferwachtet sa'n 25.000 besikers. Neffens de organisaasje is de groei te ferklearjen troch it leechdrompelige oanbod.
Hichtepunten
Ien fan de hichtepunten wurdt de Nederlânske comeback fan fioelist Nigel Kennedy. Hy spilet foar it earst yn 10 jier wer yn Nederlân. Syn konsert is yntusken al útferkocht. Oare publykslûkers binne pianist Francesco Tristano, sellist Jean-Guihen Queyras en it optreden fan Noa Wildschut.
Proeftún
It Oranjewoud Festival wurdt dit jier ek wer brûkt as proeftún. Sa wurdt der in konsert hâlden dat allinnich ûnder wetter te hearren is. It draait net allinnich om de muzyk, ek keunst spilet in rol. Sa ha keunstners Marco Canevacci en Yena Young oeral yn it lânskip fan Oranjewâld keunststof bobbels pleatst.
Omrop Fryslân
Mei in spesjaal ûntwikkele kamera-ynstallaasje makke filmer Herman Zeilstra yn opdracht fan Omrop Fryslân de meast bysûndere bylden fan natuergebiet De Deelen. "Als je door het gebied loopt, dan zie je vooral het leven boven water. Van wat er zich allemaal onder het moeraswater afspeelt, krijg je als wandelaar weinig mee. Met de installatie gaan we dat ontdekken en laten zien", fertelt Zeilstra. De bylden binne te sjen yn de alde Kâlde Oarlochbunker yn Oranjewâld by it Oranjewoud Festival fan 1 oant en mei 10 juny.