Sinnepark De Kie yn Frjentsjer iepene
Deputearre Michiel Schrier hat tongersdeitemiddei sinnepark De Kie yn Frjentsjer offisjeel iepene. Mei de bou fan it sinnepark wurde goed trijetûzen hûzen fan griene stroom foarsjoen.
It sinnepark leit westlik fan bedriuwsterrein De Kie en wurket al sûnt maart fan dit jier. By de offisjele iepening tongersdei sakke in doek fan it netstasjon ôf, wêrnei't te sjen wie hoe't it stroomskema rint. Dat wie mei graffity op it netstasjon skildere.