UPDATE: Treinen tusken Ljouwert en Grins ride wer

© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
De treinen tusken Ljouwert en Grins ride wer. It treinferkear fan Arriva lei tongersdeitemiddei sa'n twa oeren stil as gefolch fan in stroomsteuring. Dat kaam troch yn tongerynslach. Reizgers sieten earst fêst yn in stilsteande trein. Dy trein ried letter fierder nei Bûtenpost ta, wêr't de reizgers op bussen wachtsje moasten. Dy wienen der om healwei fjouweren, mar doe dienen de treinen it ek wer.
© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
Meiwurkers fan it gemeentehûs yn Bûtenpost joegen de reizgers wetter mei it waarme waar.