Kollektyf Dichters fan Fryslân giet fierder as RIXT

It kollektyf Dichters fan Fryslân hat in nije namme. De groep, fan yntusken hast fjirtich dielnimmende dichters, giet troch ûnder de namme RIXT Frysk Dichterskollektyf. Mei dizze namme ferneame se ien fan de grutste dichteressen fan Fryslân: Rixt (1887-1979), pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen.
© Rixt
Op de nije webside www.rixt.frl, presintearret RIXT him mei in grutte groep dichters en in grut ferskaat oan gedichten. It wichtichste doel bliuwt: poëzy skriuwe oer aktualiteit binnen en bûten Fryslân en besykje de Fryske poëzy ûnder de oandacht fan in breed publyk te bringen.

Dichter fan de Moanne

RIXT wurket mei Dichters fan de Moanne. Alle moannen stiet der in oare dichter yn de spotlights. Sy/hy skriuwt minimaal twa aktuele gedichten foar RIXT. Yn jannewaris 2018 sette Willem Abma as moannedichter út ein. Dêrnei namen Aggie van der Meer, Geart Tigchelaar, Piter Yedema en Syds Wiersma it stokje oer. Harren gedichten waarden op de Facebookside fan Dichters fan Fryslân publisearre en binne no ek op de nije webside te lêzen. De RIXT-moannedichter fan juny is de Harnzer dichter Jetze de Vries.

Iepen kollektyf

RIXT is in iepen kollektyf. Dichters dy't yn it Frysk of in steds- of streektaal yn Fryslân skriuwe, kinne har oanmelde as dielnimmer. De redaksje fan RIXT beoardielet oft de ynstjoerings op de webside komme en/of de social mediakanalen fan RIXT pleatst wurde. Elke Fryske dichter binnen of bûten it kollektyf kin gedichten foar RIXT ynstjoere. Fan septimber 2017 ôf hat dat al mear as 60 nije Fryske gedichten oplevere.

Guerrilla-aksjes

RIXT is de kommende wiken yn wikseljende groepkes aktyf. Op freed 1 juny treedt in groep dichters op by Noardewyn Live op Omrop Fryslân. RIXT begjint de kommende wiken ek mei syn earste guerrilla-aksjes: koarte stand up-poetry op plakken dêr't it net ferwachte wurdt.