Opnij staking busferfier yn Fryslân: "De werkdruk loopt gierend uit de klauwen"

Yn trije regio's yn Nederlân staakt it streekferfier tongersdei wer. Fryslân is ien fan dy regio's. Bussen fan bygelyks Arriva ride dêrtroch net. FNV en CNV organisearje tongersdei in 24-oere staking. De sjauffeurs easkje in bettere CAO. Neffens de sjauffeurs en de fakbûnen moatte sjauffeurs mear tiid krije ûnder in tsjinst. "De lucht is uit de busroosters gedrukt", seit Ron Sinnige fan FNV. "Hierdoor hebben de chauffeurs niet eens meer tijd om te plassen en soms ook niet om een kop koffie te drinken of te lunchen."
It busstasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De lilke bussjauffeurs fiere al moannen aksje foar in bettere CAO. Tichterby in akkoart mei de wurkjouwers binne se noch altyd net kaam. Dêrom is der in nije aksje nedich, fine se. "Nee, we zijn geen stap dichter bijelkaar gekomen. De werkgevers blijken zeer hardleers', seit Sinnige. Spearpunt is de hege wurkdruk by de bussjauffeurs. Dêr moat wat oan gebeure. Mear tiid foar skoft en mear tiid tusken de busritten. Sinnige: "De werkdruk onder de chauffeurs loopt gierend uit de klauwen. Het is klaar, het kan zo niet langer." Under sjauffeurs is dan ek in protte animo om it wurk tongersdei del te lizzen.
Ron Sinnige, fakbûn FNV
De fakbûnen rekkenje op begryp fan de reizgers. Dy binne tongersdei opnij de dupe fan de staking, om't de measte bussen fan bygelyks Arriva net ride. De ferantwurdlikheid foar de staking leit Sinnige fan it FNV lykwols by de wurkjouwers: "De staking ligt in de handen van de werkgevers. Wij hopen dat de reizigers begrip hebben voor de staking."
Ferfierbedriuw Arriva advisearret har Fryske busreizgers om tongersdei te sykjen nei alternatyf ferfier. Fierders hâldt Arriva aktuele ynformaasje by op harren webside.