Der komme gjin twa, mar trije reuzen nei Ljouwert

Der komme yn augustus gjin twa, mar trije reuzen nei Ljouwert. Dat wie it grutte nijs by in byienkomst fan frijwilligers fan it projekt 'De Reuzen van Royal Deluxe'. Der binne yn totaal sa'n 225 frijwilligers nedich foar it reuzespektakel yn augustus. By dat spektakel wurde yn trije dagen tiid 450.000 minsken ferwachte.
Gjin twa mar trije reuzen yn Ljouwert
De frijwilligers, en minsken dy't mooglik as frijwilliger aktyf wêze wolle, krigen woansdeitejûn útlis oer wat se dwaan moatte by it evenemint. Dat ferskilt fan meirinne mei linten om it publyk op ôfstân te hâlden, wetter útdiele tsjin de waarmte of achter de skermen oan it wurk te wêzen.
Oer it evenemint sels waard net folle dúdlik. Sa byldzje de reuzen in typysk Frysk ferhaal út, mar it ferhaal sels moat noch geheim bliuwe.
De Reuzen van Royal de Luxe © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Der komme dus trije reuzen, mar hokker dat binne mei ek noch net bekend wurde. Sels de rûte fan de reuzen, of hoe't de befeiliging te wurk gean sil, waard neat oer sein. Sa bliuwt it foarearst noch in mystearje hoe't de tocht fan de reuzen troch Ljouwert, dêr't hûnderttûzenen op ôfkomme moatte, der no krekt út komt te sjen.