Mishannele twilling De Haan: "Wy tochten dat wy deaslein waarden"

Se binne bot skrokken, mar wolle graach harren ferhaal dwaan: Jelle en Wander de Haan út Froubuorren. De bruorren wolle graach fertelle wat sinleas geweld mei minsken docht. Ofrûne wykein waarden se swier mishannele op it festival Frou Rock yn Froubuorren. "Wy tochten dat wy deaslein waarden."
Mishannele jonges Frou Rock
De bruorren witte net alles mear, mar parten fan de jûn steane har noch goed by. "Wy wiene ûngefear tsien minuten binnen, en doe kamen se nei ús ta", Jelle de Haan hat it wurd, en fertelt oer de dieders. "Se seine dat wy wol eefkes opsocht wurde soene, of wat yn dy trant."
De jonges wisten op dat stuit net wa't se foar harren hiene, en se seine dat ek tsjin harren beleagers. Sa'n tsien minuten nei dit petear giene de bruorren de feesttinte út. Fuort dêrnei waarden se oanfallen. "Ik bin fan achteren delslein, wêrnei't wy ôftuge waarden", fertelt Wander. "Wy witte net wêrom, gjin idee."

Swart foar de eagen

De earste klap kaam fan siden en soarge derfoar dat it Wander fuortendaliks swart foar de eagen waard. "Dêrnei is der op my trochslein." Jelle dy't noch in momint yn de tinte bleaun wie, en krekt dêrnei foar de wissigens efter syn broer oan gie, seach it allegearre gebeuren. "Ik tocht, hy moat hjirwei! Ik haw ien fan harren (de dieders) treaun, en doe hat de rest fan de groep my pakt." Beide jonges hawwe gjin idee hoefolle dieders der wiene. "Ik tink tusken de trije en seis."
Jelle de Haan fuort nei de mishanneling © Omrop Fryslân
Ik tink dat 90 prosint fan it geweld op it gesicht west hat
Jelle de Haan
Wander en Jelle hawwe ûnder oare in brutsen noas, blauwe eagen, in blauwe rêch, en in pynlik skouder. "Ik tink dat 90 prosint op it gesicht west hat", sa fertelt Jelle. "Wy priizgje ús lokkich dat wy der noch sa sûn by sitte. Want omstanners seine nei de tiid noch, dat se tochten dat wy deaslein waarden. En sa fielden wy it sels ek."
Jelle de Haan, in dei nei de mishanneling © Omrop Fryslân
De dieders wiene foar de beide slachtoffers folslein ûnbekenden. "It hat in grutte ympakt, want je witte net wêrom't se it dien hawwe en oft se klear binne of net. Want se moasten ús wol hawwe. Se hawwe twa kear by ús west."

Gjin risiko

Wander en Jelle binne sels al fiif jier organisator fan in oar festival yn Bitgummole: it Súdhoekster Beachfestival, mar nei oanlieding fan de mishanneling hawwe se besletten dêrmei op te hâlden. "Je hearre fanalles: dat it dêr miskien mei te krijen hawwe kin. En as der al in kâns is dat it dêrmei te krijen hat, dan wolle wy net it risiko rinne dat der soks achterwei komt."
Jelle en Wander de Haan © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De plysje hat tiisdei fjouwer fertochten fan de mishanneling oanhâlden. Der wurdt noch socht nei filmkes en tsjûgen fan de mishanneling, mar oant no ta hat noch net ien 'm meld. De plysje docht dêrom opnij in oprop.