Lekker koese mei it waarme waar? Tiid foar seks!
Wat is it dochs noflik waar, it sintsje skynt, moaie temperatueren. Genietsjen is it. Mar dan komt dat momint, je wolle op bêd. Mar it is net te hurdzjen, sa waarm is it en wolst dochs wol hiel graach sliepe. Mei it swit yn 'e panty besikest dan te sliepen, mar dat slagget mar net. Wy hawwe in de Middei Fan Fryslân tips krigen fan sliepekspert Annelies Smits.
Lekker lij op bêd
Nim foardatst op bêd springst in lekker lije dûs. Net in kâlde, want dan giet dyn motorke draaien en krijst it wer waarm en dat wolle wy krekt net.
Doch dyn tekkens yn 'e friezer
Ast in grutte friezer hast, dan kin it hiele bêdeguod moai yn 'e friezer. Dan kinst lekker koel ûnder de tekkens lizze sûnder datst it te waarm krijst. Hast gjin grutte friezer? Dan kin it ûnderguod fansels ek yn 'e friezer.
Sykje in oar plak
Net nei in oar lân of wat dan ek, mar ferhúzje it matras efkes. Dus sliep dan mar lekker bûten (net as it reint of mei koade read fansels), mar de garaazje of kelder is ek in opsje, in bytsje útfanhûs yn dyn eigen hûs.
It wiete waskhantsje
In âlde tip, mar wol in hiele goeie. Gewoan in waskhantsje mei kâld wetter, dit lekker op 'e harsens (of wêr'tst dat ding ek mar wolst) en dan mar lekker koese. Tink der wol om, nei ferrin fan tiid wurdt it doekje wol wer waarm, mar wa wit sliepst dan al.
Seks
Je krije it der wol waarm fan, mar it barren sil der wol foar soargje datst better sliepst. By seks komt nammentlik it 'knuffelhormoan' frij. En dat soarget foar in noflik gefoel wêrtroch'tst better sliepe kinst.