Nije bistesoart yn Nederlân: foarkespringer op It Gryn
Op it ûnbewenne Waadeilân It Gryn is in nije bistesoart foar Nederlân ûntdutsen. It giet om in soart fan foarkespringers. It bistje is 0,8 millimeter en siet yn it oanspielde floedmerk. "Het is leuk nieuws," meldt boskwachter Erik Jansen fan Natuurmonumenten. "Alle beestjes helpen. Hoe klein ook, ze horen erbij in de natuur."
Foarkespringers lykje op ynsekten en foarmje in eigen groep. It oantroffen bist is seldsum yn Europa en waard noait earder oantroffen yn Nederlân.

Baltisch driedoorntje
Professor Matty P. Berg trof de foarkespringer oan by ûndersyk op It Gryn. "Ik vond één exemplaar op de overgang van het duin naar het wad, in een dik pakket vloedmerk," fertelt Berg. Hy is in kenner fan dizze diergroep yn ús lân en dêr binne net folle fan. "Het gaat om Friesea baltica." Berg stelt foar om de foarkespringer de Nederlânske namme 'Baltisch driedoorntje' te jaan. "De soort komt voor in de Baltische regio en bovenop het achterlijf staan drie doorntjes."
Rovend bestean
It 'Baltisch driedoorntje' libbet lâns de kust, yn sânige dúngerslannen en dunen. Krekt as oare foarkespringers hat it dier in springfoarke oan de ein fan syn liif, wêrmei't er fuort springe kin. "Het is vermoedelijk een rover," tinkt Berg. "Dat is vrij uitzonderlijk onder springstaarten, want de meeste soorten eten vooral schimmels. Het Baltisch driedoorntje heeft monddelen die wijzen op een rovend bestaan. Hij eet vermoedelijk onder meer aaltjes en eieren van insecten en andere bodemdieren."
Alle beestjes helpen. Hoe klein ook, ze horen erbij in de natuur.
It Gryn natuerpearel
Natuurmonumenten beheart It Gryn al goed hûndert jier. It eilân leit healweis Harns en Skylge en is fan grut belang foar ûnder mear briedende miuwen en grutte stirns. Dêrneist rêste in soad trekfûgels lykas 'drieteenstrandlopers', 'rosse grutto's' en 'kanoeten' by heechwetter út op It Gryn. Under it briedseizoen bewaken fûgelwachters de rêst op it eilân. "Om het beheer van Griend goed te kunnen doen, laten we onderzoek uitvoeren op het eiland", leit Jansen út. "Het ontdekken van een nieuwe soort is leuke bijvangst."
Yn 2007 ûntdutsen de fûgelwachters opnij in út Nederlân ferdwûne nachtflinter, de 'stippelrietboorder.'

Foarkespringers
Foarkespringers libje benammen yn en op de boaiem. Se libje net inkeld yn natuergebieten, mar ek yn tunen. "Het zijn nuttige dieren," leit Berg út. "De meeste soorten eten rottende plantenresten en schimmels en helpen zo bij de afbraak in de natuur. Zelf worden de springstaarten weer gegeten door bijvoorbeeld insecten en spinnen." As de omstannichheden geskikt binne foar de foarkespringers kinne se yn hiel grutte oantallen foarkomme.