Kollum: "Boujier 1959"

"Jim kollumnist op tiisdeitemoarns is fan it boujier 1959. Yn dat jier rôlet de earste DAF persoane-auto fan de bân, ferskynt it earste stripalbum fan Asterix de Galjer en komt de earste útstjoering fan Sport in Beeld op 'e telefyzje, de foarrinner fan Studio Sport.
De Toan fan Willem Schoorstra
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân
Lyksa yn 1959 hâldt it American Petroleum Institute in grut feest om't it hûndert jier bestien hat. Dat dogge se mei in sympoasium ûnder de titel Energy and Man. Ien fan de sprekkers is de ferneamde natuerkundige Edward Teller, ek bekend as 'de heit fan de wetterstofbom'. Yn de lêzing dy't Teller hâldt warskôget er dat oaljemaatskippijen fluch op 'e syk moatte nei alternativen foar koal, oalje en gas. Omdat er útfûn hat dat by it ferbaarnen dêrfan 'kooldioxide' frijkomt. En dat soarget derfoar dat de ierde opwaarmet. Mei fiergeande gefolgen foar it libben op dyselde ierde. Utspraken dien yn it jier dat ik alle dagen ruften lei fol te bargjen. Trije jier letter, yn 1962, warskôget it haad fan Shell har eigen geologyske tsjinst dat de aktiviteiten fan it bedriuw liede ta in slim fergiftigjen fan de atmosfear. Ik sit foarhûs oan in line en boartsje mei sân en stientsjes.
Fia it American Petroleum Institute bliuwt Shell op 'e hichte fan de lêste stân fan saken. Yn opdracht fan it API docht it Stanford Research Institute yn 1968 in grut ûndersyk nei luchtfersmoarging. Se konkludearje dat it oanwinnen fan de temperatuer liede sil ta it teien fan de Antarktyske iiskap, it heger kommen fan de seespegel, it opwaarmjen fan de oseanen en in tanimmen fan de fotosynteze. Mei desastreuze gefolgen. Underwilens lis ik Bulletje en Bonestaak te besjen.
Troch it fenomenale speurwurk fan sjoernalist Jelmer Mommers is dúdlik wurden dat Shell en oare oaljemaatskippijen al hiel lang witte wêr't it hinne giet mei de wrâld. Der is gjin sprake fan ûnwittendheid of ûnkunde. En dat gegeven makket harren skuldich. Al it libben op ierde stiet faai, krekt as de ierde sels. Mei alles dat no bekend is soe men sizze dat de mentaliteit fan enerzjyreuzen en politike bestjoerders yngeand feroarje soe. Mar neat is minder wier.
As ien fan de safolle foarbylden kin it saneamde 'omgevingsproces' fan Ternaard en omkriten neamd wurde. Foar de bûtenwacht in demokratysk ynstrumint, wêrby't de boarger ynspraak hat yn de foarnommen gaswinning. Yn 'e praktyk is it in jildfergriemend proses dat allinne plakfine sil as der gas wûn wurdt. Sûnder gaswinning ha EZ en NAM gjin ferlet fan ynvestearjen yn de regio. En sûnder omgevingsproses boeit it de gemeente ek net, want dan is der neat te heljen.
Ter yllústraasje: Iepenup live soe moarn yn it teken fan dizze saken stean. Mar om't it omgevingsproses op 'e helling stiet ha EZ, NAM en de gemeente ôfsein. Sa leit it der dus hinne. Der moat gas wûn wurde. En dy hâlding, dy mentaliteit makket harren mei skuldich. Omdat se net sizze kinne dat se it net wisten. Ik hoopje dat dy hiele ligerige binde ea ferantwurding ôflizze moat."