Xavier Mous nije keeper by Cambuur
SC Cambuur hat nei it fertrek fan Erik Cummins en Jesse Bertrams de 22-jierrige Xavier Mous foar de kommende twa seizoenen oanhelle as nije keeper. Mous komt transferfrij oer fan FC Oss. Wol moat er noch medysk kard wurde. Mous moat de konkurrinsje oangean mei Pieter Bos foar in plakje ûnder de latte fan takom seizoen ôf.

Mous folge de jeugdoplieding fan AFC Ajax en debutearre yn it seizoen 2014/2015 yn it betelle fuotbal foar de beloften fan de Amsterdammers. De lêste trije seizoenen wie er aktyf foar FC Oss.
Xavier is iemand die we al een tijd op de radar hebben en die ook afgelopen jaar weer een sterke ontwikkeling heeft doorgemaakt.
"Ondanks zijn jonge leeftijd is hij al behoorlijk volwassen en als keeper vrij compleet. Ook meevoetballend staat hij zijn mannetje," seit technysk manager Foeke Booy fan Cambuur.