Koade oranje: 'Avondvierdaagse' yn ferskate plakken giet oer

It KNMI hat koade oranje ôfjûn. De organisaasjes fan de Avondvierdaagse yn Drachten en op It Hearrenfean ha besletten it kuierjen tiisdeitejûn oergean te litten, fanwege de kâns op tonger.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De organisaasje yn Drachten hat oerlein mei de belutsen ynstânsjes en hat dêrnei mei it each op de feilichheid besletten de kuierders net op 'en paad te stjoeren. Der is fansels in kâns dat it oerwaait, mar yn Drachten wolle se gjin risiko nimme. Op It Hearrenfean, yn Frjentsjer en yn Driezum/Wâlterswâld giet de kuiertocht ek net troch.
It is tiisdei op de kop ôf in jier lyn dat it ek sok waarm waar wie en dat ferskate organisaasjes fan de Avondvierdaagse de kuierders ek net op 'en paad stjoere woene.