Harnzer bedriuw helpt mei oaljebestriding op Bonêre

It Harnzer bedriuw BDS hat in grutte opdracht krigen, om Bonêre te helpen mei oaljebestriding. Op dit stuit wurde fyftjin konteners ynladen mei oaljeskermen. Dy gean op transport nei Bonêre.
Grut oaljedoek © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Begjin july giet ek in team fan it bedriuw dy kant op. Se sille de kommende trije jier de lokale befolking traine en opliede yn it bestriden fan oalje by eventuele rampen. De Nederlânske regearing hat jild beskikber steld foar it projekt, nei oanlieding fan in grutte oaljeramp ferline jier by it Boppewynske eilân.
Harnzer bedriuw BDS nei Bonêre
Yn opdracht fan Rykswettersteat hat it bedriuw de fyftjin konteners mei alle apparatuer makke en levere. Op dit stuit binne se by BDS drok dwaande alles foar it skypjen nei de Boppewynske Eilannen foarinoar te krijen. Direkteur André Bosch fan BDS is tige optein oer de opdracht.
Het is een prachtig project voor ons. We doen dit al 25 jaar dus is het mooi dat je hier voor uitgekozen wordt.
André Bosch
Lyts oaljedoek foar Bonêre © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Yn totaal wurde der achttjin konteners mei apparatuer nei Bonêre brocht. Dizze wike giet de earste lading dy kant op. Grutte oaljedoeken en ek lytsere farianten, mar ek pompen, ankers en alderhande oare saken dy't by de oaljebestriding hearre. Njonken de apparatuer sil it bedriuw ek soargje foar de training en oplieding fan de lokale befolking. Dat sil mei-inoar sa'n trije jier duorje.
Oaljebestriding Bonaire troch Harnser bedriuw
BDS hat it op dit stuit tige drok om alles goed foarinoar te krijen. Se krigen de opdracht fan Rykswettersteat, omdat se njonken materiaal ek de opliedingen fersoargje kinne. De tiid tusken it krijen fan de opdracht en de útfiering is tige krap. Dêrom gean no earst sân konteners hinne en letter dizze simmer nochris acht.
Het moest in no time. In één keer zeggen ze: "Over twee maanden moet het klaar zijn". Het is een uitdaging.
André Bosch
André Bosch sels sil de opliedingen op Bonêre fersoargje. En de folgjende projekten lykje ek al op harren ôf te kommen. Kolombia en Iran binne plakken dêr't it bedriuw al west hat om him te oriïntearjen. Mar earst Bonêre. De earste opliedingen sille begjin july plakfine.
Apparatuer dy't nei Bonêre giet © Omrop Fryslân, Simone Scheffer